|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
||||||
|
|
|
|||||
|
> Contact > Masterclasses > YouTube > LinkedIn > Reviews |
||||||
|
Dr. Jelle Bouma set yn it Frysk wittenskiplike kennis oer yn tapassings foar dy en my. Eltse wike stiet er foar groepen fan 10 oant 1200 minsken. De ofrune 10 jier joegen tahearders him gemiddeld (!) een 9,3. Hoe unferjitlik makket er dyn evenement? |
||||||
|
|
||||||
|
Der wie ris in lyts jonkje... Wylst syn freontsjes plysjeman of dokter wurde woene, dreamde hy oer skriuwen. Op tsien jirrige aldens wie syn earste boek fan in hunderttal siden klear, mei spelfoutsjes en bernige illustraasjes. Dit jonkje groeide op yn in Fryske undernimmersfamilie. Der kaam de fraach op: do kinst dochs net libje fan skriuwen? Op 22-jirrige leeftiid begun er syn earste bedriuw, tsjintwurdich hat er tsientallen initiatieven realisearre. Syn winsk om saken hielendal te begripen brocht him by de Universiteit fan Grins (RUG), de University of California yn Los Angeles (UCLA) en it Center for Professional Education St. Charles yn Chicago (CPE). Uteinlik waard syn wurk bekroand mei de doctor titel yn de ekonomy en de bedriuwskunde, troch syn antwurden op de fraag: wat makket dat organisaasjeferoarings slagje of mislearje? Hjirûnder in bescheiden list ût in soart skriuwsels yn it Hollânsk:
Voorwoord
Stappen in Groningen
Markant marketingnieuws
De laatste dag van het studentenleven
Die ene voorjaarsdag bij de lammetjes
De najaarsspeurtocht aan de Franse kust
De werkweek in de notedop
Voor altijd, voor vrienden
Nei mear as twahûndert artikels en in hânvol boeken foel it kwartsje. It giet einliks hielendal net om it skriuwen, mar om in djippere drang: Dr. Jelle Bouma M.Sc. wol graach oaren ynspirearje. En krekt dat past as undernimmer, skriuwer en sprekker. |
|||||
|
As do in alde freon of kennis bist fan Jelle Bouma fan 'e skoalle fan meester Bos, RSG Ooststellingwerf, Rijksuniversiteit Groningen, Accenture, Deloitte & Touche Bakkenist, of ast him net kinst mar him wat freegje wolst, dan moast it net litte om him in teken fan libben te stjoeren. Dyn berjocht is beslist net online op de site te finen, allinne Jelle kin dit sjen.
Yn alle drokte ferjit Jelle wol ris jierdeis, mar dy sil hy nea ferjitte: |
||||||
|
Home jellebouma.com Investments Books Masterclasses Reviews YouTube |
Contact jellebouma@jellebouma.com English Nederlands Frysk Disclaimer © Copyrights 27 01 2026 |
|||||